Melkfeehâlder Dijkstra set him yn foar de greidefûgels, mar sjocht takomst somber yn

25 des 2018 - 19:41

Marten Dijkstra is melkfeehâlder yn Aldeboarn. Neist syn agrarysk bedriuw set hy him yn foar de greidefûgel. Syn heit die oan greidefûgelbehear, en dat hat hy oernommen. "Myn famylje buorket hjir al hast 200 jier", seit Dijkstra. "Dat wol ik yn in goede steat trochjaan. As je de grûn yn goede kondysje hâlde, dan hast ekonomysk rendemint én hat de natuer in kâns."

Marten Dijkstra - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yn 2010 stie Dijkstra op it punt om op te hâlden mei de greidefûgels, már der hawwe doe in pear eksperts by him lâns west. Doe hat Marten wat dingen oanpast yn syn greide, wêrtroch't er it dochs trochsette koe. "We ha hjir plas-drassen. Dan makkest it gebiet wiet: setst in stik lân fol mei wetter. Sa kreëarrest in foerazjearplak foar de fûgels."

Dat is benammen handich wannear't it drûch is, seit Dijkstra. "Dan is de grûn bonkehurd. De fûgels prikke mei de snaffel yn de grûn, mar dan komme se der net yn en kinne se net by de wjirmkes."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Dijkstra is net posityf oer de takomst fan de greidefûgel. "As we sa trochgean, dan sjoch ik it somber yn", seit er. "De fûgelstân, it briedsukses, rint sels achterút op plakken mei in goed ferskaat en hege wetterstannen."

Ferkearde trend

Neffens Dijkstra binne der genôch boeren dy't har ynsette foar de greidefûgel, mar binne it de stienmurden, foksen en mûzefalken dy't it bestean fan de greidefûgels dreech meitsje. "It giet der net allinnich om dat we de nêsten beskermje, mar dat we de fûgels grut wurde litte. Dan krijst elk jier mear. Mar we sjogge just in oare trend: dat it der hieltyd minder wurde. Op in jûntiid wurde soms wol 50 nêsten opfretten. It is net yn balâns."

We meitsje sa in rinnend buffet foar de predatoaren.

Marten Dijkstra

Om de greidefûgels te helpen, moat der neffens Dijkstra wat dien wurde oan de predatoaren. "As we de greidefûgels in kâns jaan wolle, dan moatte we it yn balâns bringe. Hiel kru foar de foksen en stienmurden, mar sa is it al", seit er. "It is no dweilje mei de kraan iepen. We meitsje sa eins in rinnend buffet foar de predatoaren."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Fan de greidefûgels dy't geregeld yn it lân fan Dijkstra fleane, fynt er de ljip it moaist. "Fanwegen de beweging dy't er makket en hoe't er sjonge kin. Mar de tjirk fyn ik wat ûnderbeljochte. En ek as ik hjir skriezen boppe de holle ha, is dat prachtich. Wat dat oangiet ha ik eins gjin favoryt. As se der allegearre mar binne."

Marten Dijkstra

(advertinsje)
(advertinsje)