Wat dogge de Fryske sporters mei de krystdagen?

De measte Friezen sitte mei de krystdagen lekker oan in miel en dat mei dizze dagen wat mear wêze as oars. Mar hoe sit dat eins mei de bekende sporters út ús provinsje? Ha dy dêr wol tiid foar? En kin it eins wol, as se fit bliuwe wolle? Even in rûntsje op social media.
Jorrit Bergsma hat syn krysttrui oanlutsen, mar hy wie al even op Thialf. Earder op earste krystdei siet de reedrider al op de hometrainer, mar Bergsma hat dus dochs it iis even opsocht.
Jorrit Bergsma op earste krystdei yn Thialf © Instagram @jorritbergsma
Sven Kramer hat ek even yn beweging west. Mei wat ploechgenoaten fan Team Jumbo wie Kramer in stikje oan it fytsen. Yn training foar letter dizze wike, want Kramer wol prestearje op it NK ôfstannen.
Sven Kramer © Instagram @svenkramer
Ireen Wüst leit, hiel gesellich, mei har fyts op in hotelkeamer. Wol wat krystfersiering, dat dan wol.
Ireen Wüst © Instagram @ireenw
Marit Bouwmeester wie in pear dagen lyn noch oan it trainen yn Perth, Australië. Ek dêr fiere se de krystdagen fansels, mar dan wol mei hiel oar waar. Yntusken is de sylster wol wer even yn har heitelân.
Marit Bouwmeester © Instagram @maritbouwmeester
De fuotballers ha even winterstop en dus kinne se der even út. Snitser Michel Vlap fan SC Hearrenfean wie yn Disneyland yn Parys en kaam dêr in oare fuotballer tsjin. En net samar ien: Ivan Rakitic fan FC Barcelona. Miskien wat foar SC Hearrenfean? Oan Vlap sil it net lizze.
En de Sportfrou fan it Jier, Suzanne Schulting, is alwer drok oan it trainen. Yn har olympyske trainingstenú pakte se de fyts der even by.
Suzanne Schulting © Instagram @suzanneschulting