UPDATE: Ungelok op A7 by Beetstersweach; dyk wer frijjûn

25 des 2018 - 16:58

Op de A7 yn de buert fan Beetstersweach hat tiisdei oan de ein fan de middei in ûngelok west. Dat barde yn de rjochting fan It Hearrenfean nei Drachten ta.

De bestjoerder fan de auto is ferwûne rekke. Hoe't hy of sy der krekt oan ta is, is net bekend. De brânwacht is nei it plak fan it ûngelok ta.

Troch it ûngelok wie de dyk tusken De Tynje en Beetstersweach ôfsletten en stie der in file fan sa'n twa kilometer. Rykswettersteat advisearre it ferkear koarte tiid om om te riden. Yntusken is ien rydstripe wer iepen en kin it ferkear der wer del. Omride is ek net mear nedich.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Beetstersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)