Mear en mear supers iepen op earste krystdei: "We binne der foar de klant, no?"

25 des 2018 - 15:52

Hieltyd mear supermerken binne ek op earste krystdei iepen. Lanlik giet it om sa'n 400 supermerken fan allinnich al Jumbo en Albert Heijn. Mar ek in soad oare supermerken ha tiisdei de doarren iepen. De earsten al om njoggen oere, oaren om alve oere, mar de measten fan tolve oere ôf.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dat wie ek yn Frjentsjer sa, by de Spar fan Ulrik de Vries. Dy supermerk rjochtet him op wat minsken de kommende fjouwer oant seis oeren tinke nedich te hawwen. Dêrom hjir wat minder grutte, folle karren, mar krekt in soad mandsjes mei wat broadsjes, slaadsjes, iten foar de kat en húskepapier. Opmerklik wie ek it hege tal klanten dat mei ien of meardere kratten bier de winkel út gie.

Wy binne der foar de klant, no?

Supermerkûndernimmer Ulrik de Vries

Neffens supermerkûndernimmer De Vries wolle klanten graach dat winkels sa as dy fan him 365 dagen it jier iepen binne. Hy wol dêr graach oan foldwaan, "Want wy binne der foar de klant, no?"

Alle feestdagen is hy yn prinsipe sels yn de winkel, mei personiel dat ek gjin beswier hat om op sokke dagen te wurkjen. "En it krystfeest giet echt net oan my foarby, hear. Wy sitte jûn noch eefkes gesellich byinoar. Mar moarn om tolve oere steane we wer paraat yn de saak!"

Ferslachjouwer René Koster wie by de supermerk yn Frjentsjer

(Advertinsje)
(Advertinsje)