Bysûnder waarferskynsel boppe Skylge: pearelmoerwolken

25 des 2018 - 15:18

Boppe it waadgebiet wie tiisdeitemoarn by de sinne-opgong in bysûnder waarferskynsel te sjen: pearelmoerkleurige wolken. Dy binne ûnder oare op de foto set op Skylge. Ien fan de minksen dy't it ferskynsel fêstlein hat, is waarfotograaf Sytse Schoustra. "Nog nooit eerder gespot hier", seit er. "Mijn kerstdagen kunnen niet meer stuk!"

Foto: Sytse Schoustra

It waarferskynsel is seldsum. Foar pearelmoerwolken moat de temperatuer op hichte hiel leech lizze. Dat is no it gefal, leit Raymond Klaassen fan Weerplaza út. Op 25 kilometer hichte is it no likernôch 80 graden ûnder nul. Dat is net faak sa yn Nederlân, mar no dus wol.

Yn febrewaris 2016 wiene de pearelmoerwolken foar it lêst te sjen boppe Nederlân.

It is in wintersk ferskynsel en allinnich te sjen flak nei it ûndergean fan de sinne of flak nei it opkommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)