"Drukkende" sfear op wurkflier by Hartman nei mail oer ûntslaggen

25 des 2018 - 14:38

Nettsjinsteande de oankundige reorganisaasje dy't mear as de helte fan it personiel syn baan kostje sil, moat der tiisdei gewoan wurke wurde by Hartman yn Seibierrum. Dat klinkt wol bysûnder wrang, op dizze earste krystdei. De sfear is dan ek "drukkend", lit in meiwurker witte.

It bedriuw Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De 110 meiwurkers fan glêstúnbedriuw Hartman hawwe lange tiid wachtsje moatten op it nijs wa't bliuwe mei en wa net. Dêr is sûnt moandei let yn de middei dúdlikens oer. De pine is dat dy dúdlikens neffens meiwurkers tige let kaam én op in ferfelend momint, sa krekt foar de feestdagen.

De sfear op de wurkflier wurdt der mei it nijs net better op. "De sfear is drukkend", seit in wurknimmer tiisdei, dy't graach anonym bliuwe wol. "We witte no wa't bliuwe mei en wa't derút giet." It personiel dat net bliuwe mei, hat fan de liedingjaanden in mail krigen. Se moatte tongersdei op petear komme.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster is by Hartman yn Seisbierrum

Op social media waarden berjochten pleatst dat der tiisdei oerwurke wurde moast by Hartman, mar it docht bliken dat dat net wier is, seit de meiwurker. "It wie al wol pland dat der hjoed wurke wurde soe. Der wurdt net oerwurke."

De meiwurker wit net oft der noch in oplossing mooglik is foar de ûntslaggen: "Dat doare wy net te sizzen."

Trefwurden: 
Seisbierrum Hartman
(Advertinsje)
(Advertinsje)