Skiep makket krystkuier op de sneldyk by Ljouwert
In skiep op de dyk, tusken It Hearrenfean nei Ljouwert, tusken de ôfslaggen Snits en Wurdum soarge earste krystdei foar de nedige oerlêst. Fanwegen de feilichheid fan it ferkear en it skiep waard de dyk in skoft ôfset. Ferkear hie dêrtroch te krijen mei flinke fertragings.
Der waard fuort in bistedokter oproppen om it skiep fan de dyk te krijen. It bist waard earst ferdôve en dêrnei yn feilichheid brocht. De dyk koe dêrnei wer frijjûn wurde.