Omrop TIP: De Stormruiter

25 des 2018 - 10:36

Grut oankundige binnen Ljouwert-Fryslân 2018: de teäterfoarstelling De Stormruiter. Dat waard mear as wiermakke: de útfiering wie grut. It teäterstik fan regisseur Jos Thie wie folslein útferkocht. Mar goed nijs foar wa't it mist hat of nochris sjen wol: yn twa dielen is it dizze feestdagen nochris te sjen by Omrop Fryslân.

tip de stormruiter

Monstermontaazjeklus

Foar de registraasje fan De Stormruiter waarden acht kamera's yn de teäterarena pleatst, dy't de foarstelling twa kear opnommen hawwe. Mei de úteinlik 16 opnamebannen begûn dêrnei in 'monstermontaazjeklus'.

It earste part fan De Stormruiter wie earste krystdei al te sjen op Omrop Fryslân. Op twadde krystdei is it twadde diel te sjen om 18:10, 19:25, 20:40, 22:00 en 23:10 oere. Online is it programma werom te sjen fia Utstjoering Mist.

It programma is ien fan de TV-tips foar de feestdagen.

Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op de radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

Trefwurden: 
LF2018 De Stormruiter
(Advertinsje)
(Advertinsje)