Krystingeltsjes bringe krystsfear yn sikehûs MCL
It wie noch tsjuster doe't tiisdeitemoarn krekt nei seizen krystingeltjes sjongend te hearren wiene yn sikehûs MCL yn Ljouwert. It is al in lange tradysje dat der op earste krystdei songen wurdt yn it sikehûs.
It is ea begûn yn de jierren 60 troch de nonnen fan it eardere Bonifatius Hospitaal en letter trochset troch frijwilligers. "Het is prachtig om te zien hoe de patiënten er op reageren. Die verbaasde glimlach, daar doe je het voor!", fertelt 'haad-ingel' Stelle van Arkel.
Wat is dit moai. Soks ha'k noch nea meimakke.
83-jierrige pasjint
Ek foar it ferplegend personiel is dit altyd in bysûnder barren: "Ek foar ús binne dit de krystdagen ek as we wurkje moatte. It is skitterend dat je der sa ek écht wat fan meikrije." In 83-jierrige pasjint is suver oandien: "Wat is dit moai. Soks ha'k noch nea meimakke.."