Rûzige krystnacht yn Ljouwert: man giet troch it lint yn snackbar

In 32-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan moandei op tiisdei oppakt troch de plysje, om't er troch it lint gie yn in fastfood concern oan de Wurdumerdyk. De man wie tige agressyf en fernielde it guod yn de snackbar. Hy is troch de plysje oanhâlden fanwegen de fernielings.
Plysje logo © Omrop Fryslân
Ek op oare plakken yn de Ljouwerter binnenstêd moast de plysje yn de krystnacht yngripe. Sa waarden trije Ljouwerters yn de leeftiid fan 20, 55 en 59 jier oppakt foar in mishanneling yn de Speelmanstrjitte.
In 19-jierrige stedsgenoat waard út in kroech yn de Alde Doelesteech ferwidere om't er in hoarekaferbod hie. Hy waard oerdroegen oan de plysje en meinaam nei it buro. Dêr fernielde hy in bank yn it sellekompleks. De fertochte hat in nij gebietsgebod krigen, diskear foar de folsleine Ljouwerter binnenstêd.
Yn de Grote Hoogstrjitte waard in meiwurker fan in kroech meardere kearen mei de dea bedrige troch in 43-jierrige Ljouwerter. Ek dizze fertochte is troch de plysje oppakt en meinaam nei it sellekompleks foar ferhoar.