Wêrom binne der safolle krystnûmers? Syb: "Oare muzyk wurdt no dochs net draaid"

Mariah Carey, Slade, Band Aid, Wham, mar ek Marco Borsato, Miss Montreal, Nick en Simon, Iris Kroes, en De Kast: it binne allegearre artysten dy't ien of meardere krystplaten makke ha. En yn dizze tiid fan it jier is dat behoarlik populêr, kinne we wol sizze. Der binne sels radiostasjons dy't oars neat as krystmuzyk draaie. Mar wat is no it geheim fan in goeie krystplaat? En wêrom soene je as artyst in CD útbringe, mei allinne mar krystmuzyk? Yn de rest fan it jier kinne je dêr ommers net mei oankomme...
© ANP
Syb van der Ploeg wit grif it antwurd. Hy hat earder mei De Kast al in album mei krystmuzyk útbrocht: Kerst met De Kast. We praten mei him.
Do hast dy ek 'skuldich makke' oan dit sjenre!
"Ja, kloppet. It is alle jierren wer hielendal in feest. Mei De Kast dogge we al in oantal jier krystkonserten yn it hiele lân. Ofrûne wike ha we ek in pear hân, yn Groesbeek en IJsselstein en yn de koepeltsjerke yn Ljouwert. It is moai materiaal en it past hiel goed by de desimbermoanne, fansels."
Sit der ek in saaklike kant oan?
"We kinne op dit momint ek wol mei oar materiaal spylje, mar ja... En it is net fetpot, moat ik earlik wêze. It is benammen hiel leuk om te dwaan."
Mar it is ek in gelegenheid om optredens te boeken mei dy spesjale nûmers.
"Seker! Wat we mei De Kast dogge mei ús krystfoarstellingen, dat is ûngefear fiftyfifty: in hiel soad materiaal fan De Kast, lykas 'In nije dei' en 'It hert fan myn gefoel'. Dy passe hiel goed yn dizze foarstelling. En dêrneist ha we ek noch in hiel soad bekende krystnûmers. 'Driving home for Christmas' fan Chris Rea ha we oerset yn it Frysk, fan 'Imagine' ha we in Fryske ferzje. Dat past hiel goed yn sa'n krystfoarstelling."
Stie by Mariah Carey de teller lêst net op 30 miljoen, wat sy der mei binnenhelle hat?
"Ja, dat is enoarm. Mar dat is wrâldwiid. In soad fan ús krystnûmers wurde allinnich by Omrop Fryslân draaid, dan giet om tritich euro. Dat falt dan wol ta, haha."
Mar as je dan ien kear sa'n sukses ha, dan kinne je dêr ek je hiele libben mei, tink ik.
"Ja, 'Last Christmas' fan Wham, dat wie de aldergrutste hit dy't se oait hân ha. Dêr ha se gewoan miljoenen oan fertsjinne. En sa'n nûmer fan Slade, dat binne fan dy evergreens dy't alle jierren wer weromkomme. Dy wurde yn desimber hielendal griis draaid."
"En no sjochst dat hast alle artysten yn Nederlân mei in bytsje namme ek in krystnûmer opnommen ha. It is dochs wol lukratyf. En oare muzyk wurdt ek net draaid. We ha no de Fryske top 100 en de Top 2000, mar yn desimber hast dochs benammen krystnûmers. It is in nostalgyske moanne."
Jim ha 'Overal was vrede' opnommen. Wat is de achtergrûn dêrfan?
"Dat is foar myn gefoel ien fan de perfekte krystnûmers. Dêr sit wat fan froeger yn, hoe't je de krystdagen as bern belibbe ha. Dat is dochs oars as folwoeksene. En der sit in grut diel oer de frede yn, ek belangryk yn krystnûmers. It hat ek in hiel meislepende melody. Ast it nûmer hearst, dan werkenne in hiel soad minsken it earste kûplet. Dan komt dat krystgefoel wol nei boppe."
Syb van der Ploeg