Marjolein en Gjalt sjogge werom op harren 'brulloft' en ha in ferrassing
It wie dochs wol ít hichtepunt fan De middei fan Fryslan fan dit jier. De sabeare brulloft op Valentijnsdei. In hiele berch oanmeldingen kaam der binnen op de fraach: wolsto trouwe op Valentijnsdei by Omrop Fryslan? En út dy hiele bult kaam it moaie spantsje Gjalt en Marjolein út Snits! Sy mochten sabeare trouwe foar ien dei, yn it selskip fan harren twa berntsjes Naomi en Thomas en de hiele famylje.
Valentijnspear Marjolein en Gjalt yn De middei fan Fryslân
Gjalt Dijkstra en Marjolein Zijlstra wiene moandei opnij te gast by Femke de Walle om werom te sjen op it hichtepunt. By it harkjen nei de fragminten fan dy spesjale dei krige Marjolein triennen yn 'e eagen. "Je tinke der oan werom en dan komt dat gefoel ek wer boppe. Wurdst wol emosjoneel derfan."
It fielde echt
Ek al wie it mar in sabeare brulloft, foar it pear wie it hiel bysûnder. "It fielde hiel echt", seit Gjalt. "Ja, it fielde híel echt", befêstiget Marjolein. "As we it oait oerdogge, wit ik net oft it wer sa fiele sil", wie it gefoel by har seit se. "It wie gewoan hiel moai."
Ferrassing
Gjalt woe doe allinnich echt trouwe as der in hûn kaam. Dy is der yntusken noch net, mar hy hat koartlyn wol foar in ferrassing soarge. Marjolein: "Ik gie sneontejûn op bêd en Gjalt siet dêr op syn knibbels, die in doaske iepen en sei 'wolst mei my trouwe?'" Marjolein hat fuortendaliks ja sein. "En ik bin him om de hals flein en doe moast ik hiel bot gûle fansels."
In datum hat it pear yn de útstjoering net bekend makke, mar se ha al in lyts bytsje plannen makke foar de grutte dei. "Mar alles wat we al dien ha, dogge we net noch in kear", seit Marjolein. "Dy gefoelens dy't we dêrmei ha, binne hiel echt en dat wolle we net wer opnij dwaan. Dus dat wurdt gewoan puer offisjeel meitsje op it gemeentehûs en dat we echt troud binne."