Nije sporthal yn Burgum lit noch op him wachtsje: "We dogge it sa gau as mooglik"

24 des 2018 - 22:15

It is al mear as in jier lyn dat de sporthal Westermar yn Burgum oant de grûn ta ôfbrând is. Al foardat dat barde, waard praat oer in útwreiding fan de hal of nijbou. Der lizze no plannen, mei in protte winsken. "We wolle sjen oft we in prachtich moaie sportfoarsjenning delsette kinne", seit Piet Herder. Hy fertsjintwurdiget de minsken dy't de sporthal brûke.

De Westermar nei de brân - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Oardel jier lyn hie de gemeente al plannen om te renovearjen. Mei seis Burgumers binne we doe in inisjatyf begûn om te sjen oft we der mear úthelje kinne", fertelt Herder. "We ha alles ynventarisearre mei brûkers, mar ek mei potinsjele nije brûkers. Dan moatte je tinke oan oare soarten sporten en kulturele dingen."

Nei alle petearen kaam der yn april in rapport. "Dêryn ha we alle easken en winsken op in rychje set en sjoen nei de helberens."

No noch útwike

No wurdt it tiid dat dy nije sporthal der komt. Leaver hjoed noch as moarn. "De sporters dy't gebrûk makken fan de Westermar, moatte allegear útwike. Skoallen ek. We dogge it sa gau as mooglik, tegearre mei de gemeente."

De ried yn de gemeente Tytsjerksteradiel stimt op 14 febrewaris oer de hal. "Dan moat alles helder wêze", seit Herder. "De plannen moatte noch weromkeppele wurde oan de brûkers, om te sjen oft it past mei har ideeën. As it echt moat, dan sille we noch dingen feroarje. Mar we ha frij yngeand ynventarisearre."

Nei de simmer fan 2020

Nei't de ried oer de hal stimd hat, duorret it noch even. "It doel is om foar oktober te begjinnen mei de bou", seit Herder. "En dan moatte we de sporthal nei de simmerfakânsje fan 2020 brûke kinne."

Piet Herder

Trefwurden: 
Burgum sporthal Westermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)