Krystmiel by it Leger des Heils tsjin iensumens: "Sa komme we der nochris út"

24 des 2018 - 20:48

Minsken dy't harren dizze feestdagen iensum fiele, koene moandei yn Drachten mei syn allen ite. It Leger des Heils hie yn it wyksintrum De Kouwe oan de Vogelweide in waarm miel taret. Tsientallen minsken skoden oan. Neffens it Leger des Heils is iensumens in grut probleem: "Minsken komme somtiden dagen harren hûs net út. Of om't se dat net doare, of om't der gjin jild is, of om't se it betrouwen yn de meiminske en maatskippij kwytrekke binne."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De dielnimmers oan it krystdiner wiene wiis mei it miel. "Sa komme we der nochris út en leare we oare minsken kennen, dy't we letter miskien wer tsjinkomme."

It kabinet nimt it probleem fan iensumens serieus. Yn maart begûn minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport mei de kampanje Eén tegen Eenzaamheid. It doel is om de trend fan iensumens by de 75-plussers troch te brekken. Mear as in miljoen minsken yn Nederlân fielt him tige iensum en 1 op de 3 fielt him wolris iensum.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Deadliker as alkohol

Neffens de Dútske psychiater Manfred Spitzer is iensumens twa kear sa deadlik as alkohol. Hy skreau dit jier in boek oer it tema. Dat boek komt yn jannewaris yn Nederlân út. "Eenzaamheid is een van de urgentste problemen van de huidige westerse samenleving", seit Spitzer yn it deiblêd Trouw.

Wie zegt dat hij graag eenzaam is, weet niet waar hij het over heeft.

De Dútske psychiater Manfred Spitzer

"Je moet bedenken: eenzaamheid is niet hetzelfde als alleen-zijn", seit Spitzer. "Dat kan heel fijn zijn. Eenzaam is niemand graag. Eenzaamheid is het beleven van een gemis, en wel een gemis waaraan men smartelijk lijdt: 'ik heb niemand'. Wie zegt dat hij graag eenzaam is, weet niet waar hij het over heeft."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by it krystmiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)