Stille tocht foar karbidsjitten yn Sint-Nyk: "Hier rust een traditie in ere"

24 des 2018 - 19:03

It Carbidteam Sint-Nyk hat in stille tocht yn it doarp holden om ôfskied te nimmen fan it karbidsjitten. De gemeente De Fryske Marren hat it sjitten mei in kanon ferbean en dat fynt de groep Sint-Nyksters spitich.

Foto: Gewoan Dwaan/Douwe Bijlsma

Ronnie Gras fan Carbidteam Sint-Nyk

Foar de stoet op ried in auto mei in kanon. Op it kanon stie de tekst "Hier rust een traditie in ere". Oanwêzigen leinen in krâns en blommen op it kanon. Ek waard in karbidskot mei in molkbus lost en der waard proast op it kanon.

Grut gemis

Ronnie Gras fan Carbidteam Sint-Nyk is bot teloarsteld dat it kanon net mear brûkt wurde mei. "Ik tink dat it in hiel grut gemis is foar ús doarp en ús jeugd." Yn de stoet rûnen neffens him mear as fyftich minsken mei. "Moai om te sjen dat it safolle minsken wat docht dat it karbidsjitten mei it kanon net mear trochgiet."

De wille is derôf

Karbidsjitte mei molkbussen mei noch wol, mar dat sjocht de karbidploech neffens Gras net sitten: "By ús is de wille der no wol ôf. Yn ferhâlding is dat neat mear wurdich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)