Sit der in flok op ús Wedstriid fan de Wike?

24 des 2018 - 18:11

Sûnt dit jier ha wy by Omrop Fryslân in nije rubryk: de Wedstriid fan de Wike. Dêryn ha wy omtinken foar ien bysûndere sportwedstriid. Mar no liket it der op dat der in flok sit op dizze Wedstriid fan de Wike. Want de persoan of de ploech dy't wy folgje, dy wint meastentiids net...

Foto: Omrop Fryslân

Om der mar in pear te neamen

De ôfrûne wiken wiene de ûndersteande klups en sporters haadpersoanen yn ús Wedstriid fan de Wike. En wat wol no it tafal:

- Hearrenfean ferliest fan Ajax
- LDODK giet ûnderút tsjin PKC
- Aris ferliest fan Leiden
- Darter Danny Noppert komt net fierder as de twadde ronde fan it WK

Foto: Orange Pictures

Kin it noch mâler?

Jawol. Want ek ûndersteande ferienings folgen wy foar de Wedstriid fan de Wike. En op 'e nij:

- Bûtenpost komt net fierder as in lykspul tsjin Genemuiden
- De follybalfroulju fan VC Snits ferlieze mei 3-1 fan Set-Up '65

Wat sizze de eksperts?

Om dizze kwestje te bepraten, nûgen wy yn it radioprogramma Weistra op Wei ús trije Omrop-sporteksperts út. Hinget der no wier in flok op ús Wedstriid fan de Wike? Oan tafel sieten Andor Faber, Roelof de Vries en Freark Wijma.

SC Genemuiden - Bûtenpost - Foto: www.orange-pictures.nl

It liket wol oft Fryske sporters poadiumfrees krije as wy ferskine.

Sportferslachjouwer Freark Wijma

Kâldwetterfrees

Freark: "It liket wol oft Fryske sporters poadiumfrees krije as wy ferskine. Se roppe altyd 'wêrom krije wy gjin omtinken?' en dan geane se ûnderút." As foarbyld neamt Freark paraswimmer Gerrit Dijkstra dy't ophâlde moast mei syn swimtocht, om't er ûnderkuolle rekke.

Fan 'e matte

Roelof syn minst gelokkige Wedstriid fan de Wike wiene de judoka's Sanne Vermeer en Natascha Ausma. "Beide froulju ferlearen fuortendaliks de earste wedstriid. Dêr stiene wy dan mei ús kamera's. Mar ja, ferlieze heart ek by de sport."

Foto: Omrop Fryslân

Ut de bocht

Andor kin him benammen de Maraton Cup op It Hearrenfean heuge. "Dêr folgen wy Bianca Bakker út Wynjewâld. Sy stie alle kearen op it poadium. Mar doe't wy der wiene, waard se fjirde. Ek grutte favoryt Jorrit Bergsma kaam yn aksje, mar gong hast ûnderút yn de alderlêste bocht. Wat tinkst? Twadde."

Sit der in flok op de Wedstriid fan de Wike?

Erwin Zwart mei nûmer 13 - Foto: www.orange-pictures.nl

In positive draai

Der binne ek wol Wedstriden fan de Wike dy't wûn waarden troch Fryske sporters. It EK kuorbal yn Ljouwert bygelyks mei de Fries Erwin Zwart. En de winst fan de Ron Berteling skaal troch UNIS Flyers op It Hearrenfean. "Dêrnei gong de iishal wol stikken, trouwens", laket Roelof.

(Advertinsje)
(Advertinsje)