Reade Krús Fryslân sammelet goed 5500 euro yn foar Serious Request

It Reade Krús yn Fryslân hat goed 5500 euro ynsammele foar de aksje Serious Request fan radiostjoerder 3FM. It jild is byinoar brocht troch rûntsjes te reedriden yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Minsken koene har dêrfoar sponsorje litte. Ek binne der tal fan losse donaasjes binnenkaam.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert makke moandeitemiddei it eksakte bedrach fan 5234,64 euro bekend yn de reedridershal. Op it lêste momint koe dêr noch 300 euro by opteld wurde.

Nije opset Serious Request

De aksje foar Serious Request is dit jier oars as oars. Sa is der bygelyks gjin glêzen hûs der't dj's opsletten sitte sûnder iten. De opbringst rûn de lêste jierren werom en der kaam hieltyd mear krityk. Sa soe der allinnich mar omtinken wêze foar problemen yn it bûtenlân.
De opset is dêrom bot feroare. Der binne dit jier trije goede doelen dêr't jild foar ophelle wurdt: reanimaasjekursussen yn Nederlân, needhelp by rampen en beskerming tsjin natuergeweld. De bekendmakking fan de lanlike opbringst is moandeitejûn yn Utrecht.