Belangryk HaFaBra-man Germ Nicolaï (78) út Bakkefean ferstoarn

24 des 2018 - 17:10

Germ Nicolaï út Bakkefean is ferstoarn. Hy wie in belangryk man yn de HaFaBra-wrâld en in grut promotor fan de blaasmuzyk yn Fryslân. Hy is bekend wurden as grûnlizzer fan it Gouden Spiker Festival, tegearre mei syn kollega Sijtze van der Hoek.

Foto: Omrop Fryslân

It Gouden Spiker Festival is in jierliks evenemint foar blaasorkesten út de legere difyzjes. Tegearre mei Van der Hoek runde Germ Nicolaï ek de suksesfolle Spikerpakkeband út Opsterlân.

Hy wie ek foarsitter en mei-oprjochter fan de Stichting Culturele Activiteiten Opsterlân.

Germ Nicolaï is 78 jier wurden. Freed is de útfeart yn Bakkefean.

Sijtze van der Hoek

(Advertinsje)
(Advertinsje)