Hartman jout personiel noch gjin dúdlikens oer ûntslaggen
Der is noch altyd gjin dúdlikens oer de ûntslaggen by Hartman yn Seisbierrum. Ferline wike waard bekend dat it glêstúnboubedriuw de helte fan it personiel dien jaan wol.
De 110 wurknimmers soenen uterlik moandei te hearren krije wa't wol en wa't net yn it nije jier oan it wurk bliuwe kin. Neffens in wurdfierder fan Hartman binne de petearen noch oan de gong en wurde der fierder noch gjin meidielings dien.