Brommerrider ferwûne by oanriding mei auto yn Oerterp
Op de krusing fan de Hegebrechtsterleane mei De Feart, by Oerterp, hat moandeitemiddei in oanriding west tusken in auto en in brommer.
De brommerrider is by it ûngelok ferwûne rekke. Dy is op it plak fan it ûngelok al behannele troch ambulânsepersoniel en dêrnei nei it sikehûs ta brocht.