Hearrenfean twa duels tsjin Ajax sûnder 'read duo'; Olde Riekerink mist ek wedstriid

24 des 2018 - 18:27

Hearrenfean moat it nei de winterstop twa wedstriden dwaan sûnder de middenfjilders Ben Rienstra en Yuki Kobayashi. Sy krigen sneon yn de útwedstriid tsjin NAC Breda (4-2 ferlies) beide read. Allebeide binne se trije wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst. Ek trainer Jan Olde Riekerink is in wedstriid skorst. Hy waard sneon yn Breda nei de tribune ta stjoerd mei twa giele kaarten.

Ben Rienstra krijt read tsjin NAC - Foto: www.orange-pictures.nl

Dat betsjut dat Rienstra en Kobayashi twa útwedstriden tsjin Ajax misse. Op 20 jannewaris moatte de Friezen foar de kompetysje op besite by de Amsterdammers. Fjouwer dagen letter stiet Ajax - Hearrenfean wer op it programma, mar dan yn de kwartfinale fan de KNVB-beker. Yn beide wedstriden moatte dus twa ferfangers fûn wurde foar Rienstra en Kobayashi, dy't meastal yn de basis steane by Hearrenfean.

Rienstra krige sneon al nei in kertier read foar in oertrêding op âld-Hearrenfeanspiler Mitchell te Vrede. Flak foar it skoft joech skiedsrjochter Jochem Kamphuis ek read oan Kobayashi, nei in oertrêding op Mounir el Allouchi. Hearrenfean stie doe noch 2-1 foar.

Olde Riekerink yn it fjild

Olde Riekerink krige nei sechstich minuten syn twadde giele kaart fan de wedstriid en moast dêrom nei de tribune ta. Hy krige giel, omdat er yn it fjild stie. De trainer fûn dat doe in oertrêding op Michel Vlap makke waard en dat Hearrenfean in strafskop ha moast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)