Hearrenfean op in tongersdei foar de beker tsjin Ajax; kompetysjeduels ferskood

24 des 2018 - 15:09

Sportklup Hearrenfean spilet kwartfinalewedstriid yn de KNVB-beker tsjin Ajax op tongersdei 24 jannewaris om 20.45 oere. Dat hat de KNVB moandei bekend makke. De lotting wie ôfrûne sneon, wêrby't Hearrenfean dus oan de Amsterdammers keppele is. De wedstriid wurdt spile yn de Johan Cruijff ArenA.

Daniel Høegh yn duel mei Klaas-Jan Huntelaar, foarich seizoen - Foto: www.orange-pictures.nl

No't de bekerwedstriid op dy dei spile wurdt, wurde twa kompetysjewedstriden fan SC Hearrenfean ferskood. De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink soe op freed 25 jannewaris tsjin AZ spylje. Dy thúswedstriid wurdt no op snein 27 jannewaris om 16.45 oere spile.

Ek it thúsduel tsjin Willem II wurdt ferpleatst. Yn stee fan sneon 2 maart, wurdt dy wedstriid op snein 3 maart spile. Dat hat wer te krijen mei it ferskowen fan de wedstriid Ajax - PEC Zwolle, omdat Ajax troch de wike in Champions League-wedstriid spilet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)