Mear koeriers, mear ûngelokken: "Moatst eagen foar en achter yn 'e holle hawwe"

"Pakketbesoargers meitsje it ferkear ûnfeilich", sei Veilig Verkeer Nederland (VVN) moandei. It wurdt hieltyd drokker mei bestelbuskes op 'e dyk en yn wenwiken. Dat komt om't minsken mear en mear bestelle fia ynternet. "It is oergriislik drok", stelt ek koerier René Monsma. "Mar ik ha myn minsken de opdracht jûn om stadich te riden. Eagen foar en achter yn 'e holle ha, dat is it geheim."
Mear koeriers, mear ûngelokken
Neffens VVN ride de sjauffeurs faak te hurd yn wenwiken en 30-kilometersônes, mar ek foutparkeare en oare misstannen komme faker foar. Pakketbesoargers besykje wol om minder te riden troch bettere planning en mear ôfhelpunten te organisearjen, sadat net elk pakje by de klant thús brocht hoecht te wurden. As klanten mear kieze foar it opheljen fan bestellingen by in ôfhelpunt, dan kinne koeriers minder kilometers ride. Dat is ek noch better foar it miljeu.
© Omrop Fryslân
Wy ride sa folle mooglik 'stapvoets'.
Koerier René Monsma
René Monsma fan Pakketbezorging Franeker e.o. fernimt wol dat der hieltyd mear bestelbuskes yn de bewenne gebieten komme. "Wy ride sa folle mooglik 'stapvoets'. Ek besykje we defensyf te riden, troch fan tefoaren situaasjes yn te skatten. As der bygelyks in bal de dyk op rôlet, kinst wol neigean dat der in bern achteroan komt. Dat soarte fan saken", seit Monsma.
Pakketbesoarger René Monsma