Johannes Kramer: "Doch de wolf in halsbân om"

Elektroanyske halsbannen en saneamde 'wolf-watchers' soene helpe kinne om de yntegraasje fan wolven yn Nederlân te ferbetterjen. Dat tinkt deputearre Johannes Kramer. It idee foar it folgjen fan wolven komt út Amearika, dêr't se yn de jierren '90 deselde wolveproblemen hiene as dêr't wy yn Nederlân no mei te krijen ha.
© ANP
De kâns is grut dat de wolf him definityf yn ús lân fêstige hat. Ut ûndersyk fan de Wageningen Universiteit docht bliken dat de bisten al inkele moannen op de Veluwe libje. Wittenskippers hâlde in tiidpaad fan seis moanne oan, foar't se sizze kinne dat de wolf him yn ús lân fêstige hat. De wolven dy't yn it Noarden fan Nederlân sinjalearre binne, telle dus net mei.
Wy kinne de noed en soargen fuorthelje troch it ferhaal fan de wolf te fertellen.
Deputearre Johannes Kramer
Dochs soargje de wolven ek hjir yn Fryslân foar in soad argewaasje, om't se gauris buorkerijbisten oanfalle. "Wy witte yn Nederlân net wêr't se binne en wat se dogge. Dat soarget foar eangst by skieppehâlders en boeren", fernimt Kramer. In folchsysteem mei saneamde 'wolf-watchers' en elektroanyske halsbannen soe in better byld jaan kinne fan de wolven. "Wy kinne de noed en soargen fuorthelje troch it ferhaal fan de wolf te fertellen", tinkt Kramer.
Dizze wize fan folgjen is te fergelykjen mei it folchsysteem fan de skries Amalia. Kramer: "De halsbannen ha GPS, sadat wy presys yn de gaten hâlden kinne wêr't wolven binne. It wurket itselde as de skries. In hiel soad minsken ha dêr niget oan om de fûgel te folgjen. Dat soe ek mei de wolven sa kinne."

Yn in oar deiljocht

It direkte effekt fan it folgjen fan in wolf is werom te sjen yn in spesjaal gefal yn Amearika. Hjir wie der ien wolf dy't der yn de jierren 90 útsprong: wolvin 06. Se gie har eigen paad en slagge deryn om in eigen roedel op te zetten. It wyfke fjochte mei bearen en bizons en stie har mantsje as se konfrontearre waard mei oare roedels. Doe't se úteinlik bûten it park deasketten waard, troch in jager, hie dat sa'n ympakt, dat it debat yn Amearika safier kantele dat it frij bejeien fan wolven oan bannen lein waard.

Ferskil mei Amearika

Dochs is der wol deeglik in ferskil mei Amearika, wit ek Kramer. "Yn Amearika ha se grutte nasjonale parken, dêr't se de wolf op 'e nij yntrodusearre hawwe. Om yn de gaten te hâlden wat dy wolven diene, ha se de bisten folge. Hjir yn Nederlân ha wy totaal oare omstannichheden, mar ek hjir is ûnbegryp." Dêrom soe de wurkwize ek hjir yn Nederlân wol tapast wurde kinne, fynt de deputearre. "Ik leau dat foarljochting in protte helpe kin om mear begryp by minsken te krijen."
Deputearre Johannes Kramer oer de wolven