Sa'n 10 kij en 70 bargen by slachter Spijkerman oer de toanbank

24 des 2018 - 11:57

Yn de wike foar de krystdagen is it trochpakken yn de slachterswinkel fan Spijkerman yn Akkrum. Daan Spijkerman hat it der smoardrok mei. "Om een goed beeld te schetsen: in een week tijd gaan er zo'n 10 koeien en 70 varkens over de toonbank."

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Goermetsje, mar ek de winterbarbecue, wurdt hieltyd populêrder, fernimt Spijkerman. "Gourmetten staat nog altijd met stip bovenaan. Daarna volgt de rollade, dan een tijdje niets en dan de Friese droge worst, gevulde kalkoenen en hapjesschalen."

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Wachtsjen wurdt in feestje

De rige fan wachtsjende minsken stie moandei oant fier bûten de slachterswinkel. Om drokte yn de winkel foar te kommen, moatte minsken bûten yn in partytinte wachtsje. Dat is yntusken al tsien jier in tradysje. Om it wachtsjen wat op te fleurjen, is der in krystman oanwêzich.

De krystdagen kinne foar ús wer begjinne!

In besiker út Grou

In soad minsken út it doarp sels en út de omkriten fan Akkrum dogge harren bestelling by Spijkerman. Ek út buordoarp Grou komt in besiker. "Wy sille fansels goermette earste krystdei. Foar ús is de gesellichheid mei de famylje it wichtichste. Dat moat mei dit iten wol slagje."

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Acht kilo kalkoen; wy ha in grutte famylje.

Besiker út Aldeboarn

In frou út Aldeboarn komt al jierren by Spijkerman. Op it boadskippelistje stiet mar leafst acht kilo kalkoen. "Wy binne thús mei 21 minsken. Us mem makket it fleis klear yn ferskate pannen. Dit is echt in tradysje wurden, dêr't ús heit ea mei begong is. Hy is yntusken ferstoarn, mar wy hâlde dizze tradysje yn eare."

Slachter Daan Spijkerman

(advertinsje)