Omrop TIP: It geheim fan De Deelen

24 des 2018 - 11:32

It geheim fan De Deelen is in film wêrfoar't filmmakker Herman Zeilstra in jier lang tagelyk ûnder en boppe wetter filme hat yn natuergebiet De Deelen. It resultaat is in film wêryn't alle seizoenen foarby komme en in rykdom oan libben op en yn it wetter te sjen is. It sinneljocht op it wetter en bypassende filmmuzyk ûnder de bylden meitsje de film ta in magysk gehiel.

tip it geheim fan de deelen

De magyske wrâld ûnder wetter

It geheim fan De Deelen waard makke yn gearwurking mei Steatsboskbehear en waard earder fertoand op it Oranjewoudfestival. De film is op moandei 24 desimber fan 17.15 oere ôf by Omrop Fryslân te sjen en is ien fan de TV-tips foar de feestdagen.

Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op de radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

Trefwurden: 
It geheim fan De Deelen
(Advertinsje)
(Advertinsje)