Goud foar swimmers Wijkhuijs en Zandringa op Iepen NK

24 des 2018 - 10:41

Swimsters Josien Wijkhuijs en Kinge Zandringa ha goud helle op it iepen Nederlânsk kampioenskip koartebaan yn Tilburch. Zandringa wie de bêste op de 100 en 200 meter flinterslach. Wijkhuijs pakte de gouden medalje op de 50 meter rêchslach. Mar beide Fryske swimsters mochten faker it poadium beklimme.

Foto: Dijksfotografie

Fjouwer kear yn 'e prizen

Op de tredde en lêste dei fan it Iepen NK snein wûn Josien Wijkhuijs de 50 meter rêchslach yn in tiid fan 27,51. Dêrmei wie de swimster út Frjentsjer rapper as Marieke Tienstra (27,75) en Tessa Vermeulen (27,87). Wijkhuijs pakte freed it brûns op de 50 meter flinterslach en sulver op de 100 meter wikselslach. Boppedat wûn se ek noch brûns op de 100 meter flinterslach. Wijkhuijs swom foarearst har lêste wedstriid yn Nederlân. Se giet aanst nei Amearika.

Folop poadiumplakken

De 100 meter wikselslach waard snein wûn troch Kinge Zandringa. De swimster út Sint-Anne wûn yn in tiid fan 58,51, foar Elinore de Jong (59,87) en Josien Wijkhuijs (59,91). Zandringa wûn sneon ek al de 200 meter flinterslach. Freed pakte se sulver op de 50 meter flinterslach. Zandringa swimt op dit stuit foar swimklup De Dolfijn út Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)