Hieltyd mear dielnimmers by Sint Thomas Trailrun

24 des 2018 - 09:27

De 6e edysje fan de Sint Thomas Trailrun yn Nijehoarne mocht snein rekkenje op in rekôr oantal dielnimmers. Der stiene 600 dielnimmers oan de start fan it parkoers oer sânpaadsjes en troch de modder. De rûte fan 35 kilomter naam de dielnimmers mei lâns Mildaam, Ketlik en Nijehoarne.

Foto: Sint Thomas Trailrun

Foar it earst waard der dit jier ek in Kidstrail organisearre fan 3,5 kilometer. Sa'n 40 bern tusken de 8 en 14 jier diene mei oan dizze earste edysje.

Dielnimmers koene meidwaan oan ferskate ôfstannen: 35, 20 en 9 kilometer. By de froulju gong de winst op de langste ôfstân nei Brechje Rankenberg. By de manlju wie Edgar Griffiioen de bêste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)