GrienLinks en PvdA wolle sânwinning Iselmar op riedsaginda De Fryske Marren

24 des 2018 - 08:13

Politike partijen GrienLinks en de PvdA yn De Fryske Marren wolle it ûnderwerp sânwinning yn de Iselmar op de riedsaginda fan jannewaris sette litte. Beide partijen hawwe oare fraksjes frege om harren fersyk te stypjen. Moandei sille se harren fersyk yntsjinje by de agindakommisje.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Minister Cora van Nieuwenhuizen makke ôfrûne wykein bekend dat sy gjin inkel beswier sjocht yn it plan foar it winnen fan sân sa'n fiif kilometer út de kust fan Gaasterlân. De sânwinning sil sa'n tritich jier duorje. It is no oan de gemeenteried om in beslút te nimmen.

Yn dit dossier moatte jo oeral rekken mei hâlde.

Wietze de Haan fan de PvdA yn De Fryske Marren

Fûle tsjinstanners

Sawol GrienLinks as de PvdA binne fûl tsjin it plan foar sânwinning yn de Iselmar. "It spilet al in oantal jierren en it komt no einliks ta in klimaks", fertelt Wietze de Haan fan de PvdA. "Wy wolle minsken yn Gaasterlân sa gau as mooglik dúdlikheid jaan. Minsken binne ûngerêst oer de ôfrin fan dizze saak. Dêrom wolle wy it fuort yn jannewaris al behannelje yn de ried."

Wietze de Haan fan de PvdA

(Advertinsje)
(Advertinsje)