Musical oer Titus Brandsma

Der komt takom jier in musical oer it libben fan Titus Brandsma. It teäterspektakelstik TITUS sil fan maaie ôf spile wurde yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. De musical besjongt it libben fan Titus Brandsma (1881-1942), fan boeresoan oant kleasterling, sjoernalist en professor.
© ANP Foto
Op 22 jannewaris 2019 makket organisator Stichting 754 de haadrolspilers fan TITUS bekend. Fiif jier lyn waard der ek al ris in musical spile yn de Bonifatiuskapel, doe oer Bonifatius sels.