Kollum: "Sabeare"

24 des 2018 - 07:29

"Ik wie as famke gek op bûtenboartsjen. It allermoaiste fûn ik noch sabeareboartsje, wêrby't ik alles wêze koe wat ik woe. Wy brutsen takken fan 'e beam, dy't ús wapens wiene as wy Teenage Mutant Ninja Turtles boarten. Dyselde takke koe ek de swipe foar myn stokpaardje wêze. Of in fiskhengel om kikkerdril mei út de sleat te fiskjen. Dat wie it moaie fan sabeare: alles koe.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Mar tsjintwurdich moat alles echter as echt wêze. Virtual Reality is dêr it bêste foarbyld fan. Doch sa'n VR-bril op en bist yn in oare wrâld. Hokker wrâld ast ek mar wolst, kinst sels útkieze. Oan dyn ferbyldingsfermogen hoechst neat mear te dwaan; alles wurdt mei de hipste technology regele. Noch efkes en ús bern hoege noait mear nei bûten ta om te boartsjen. Wy helje bûten nei binnen.

Dat fûn it bedriuw Skirmworld út Lelystêd gjin goeie ûntwikkeling. Sy wolle bern just efter it byldskerm weihelje. Dêrfoar betochten se in spesjale bernefariant op paintball: Kinderairsoft. Dêrby kinne bern ferskate sjitspultsjes dwaan mei in gewear dat hast net fan echt te ûnderskieden is. It plan wie om in fuotbalfjild yn Aldegea Súdwest-Fryslân as lokaasje te brûken, mar de gemeente skeat it plan ôf om't se de gewearen te realistysk fûn.

Doe't ik de foto fan it jonkje mei it gewear by it Omrop-berjocht stean seach, snapte ik dit argumint wol. It past net; in bern mei in gewear. Fansels, boartersguodgewearen binne der al sûnt minskeheugnis, mar sa'n pears mei read NERF pistoal is dan toch hiel wat oars as dit gewear. Dit is echter as echt.

Ik woe dit jier foar myn sinteklaassurprise sûkeladesigaretsjes keapje, mar ik kaam der achter dat dy dingen al lang ferbean binne om't se bern it ferkearde foarbyld jouwe. Online koe ik se noch wol bestelle, mar doe't wy se op 5 desimber útpakten, blykten de sigaretsjes net langer wyt te wêzen mar allegear ferskillende kleuren te hawwen. Ek siet der gjin filter mear omhinne. It wiene gjin sigaretten mear, mar kleurde toverstokjes.

As sabeare sigaretten net mear meie, meie fjoerwapens dan wol? Mei oare wurden: moatte wy ús hjir as folwoeksenen wier sa drok om meitsje of sjogge bern sels it ferskil wol tusken echt en sabeare? Ik wit it net. By ús thús kin de jongste him mear bekommerje om it fersoargjen fan syn online bargen yn it spultsje Minecraft as om it fuorjen fan syn real life goudfisken. Dus sis it mar.

Ik tink dat it idee fan it bedriuw út Lelystêd goed is: bern moatte minder achter de kompjûter sitte en mear nei bûten ta. Mar om se dêr ferfolgens in net fan echt te ûnderskieden pistoal te jaan, dat liket my dan wer wat in minder goed plan. Lit se dan in takke ôfbrekke fan in beam om dêr sels in pistoal fan te meitsjen en al dravend 'pang pang' te roppen. Dat dogge se per slot fan rekken yn ús Nederlânske leger ek. Dus, hoe echt wolst it ha?"

(advertinsje)
(advertinsje)