Smit wol fan Oerol in festival foar alle leeftiden meitsje

24 des 2018 - 06:23

Hy hat de baas west fan Tryater en spile in haadrol yn dit Kulturele Haadstêd-jier. De 45-jierrige Siart Smit ferlit no de fêste wâl en siket in eilân op. Sûnt 1 desimber is hy direkteur fan it Oerol-festival op Skylge. Smit is al jierren in 'fan' fan dit kulturele festival en doe't de direkteursfunksje frijkaam om't Marelie van Rongen opstapte, pakte hy syn kâns. "In dream komt út", seit er sels.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Earste programma-ûnderdielen

"Oerol soarget foar ferbining tusken it eilân en de natoer. As de foarstelling kloppet mei de omjouwing en it waar, dan belibje jo wat, wat jo nearne oars krije kinne." Smit is trije wike op Skylge te finen om it festival foar takom jier ta te rieden. Dizze wike waarden de earste programma-ûnderdielen presentearre yn it Oerol-kantoar yn Midslân. "Dy bliuwe foarearst noch geheim", seit Smit. Yn de maaitiid wurde se bekend makke.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ynklusyf festival

Smit fynt it wichtich dat it festival ynklusyf wurdt. "Dat sille wy noch dúdliker sjen litte. Wy wolle dat Oerol foar alle lagen fan de befolking is en dat elkenien him wolkom fielt." Sa moat bygelyks it festival foar alle leeftiden wêze. Dochs fergrizet it publyk, sjocht ek Smit. "Minsken binne hiel trou, se komme graach en bliuwe wolkom. Mar wy wolle ek graach minsken tusken de 20 en 40 jier lûke, al dan net mei bern."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Siart Smit oer syn plannen mei Oerol

(advertinsje)