Flyers winne ek twadde wedstriid fan it wykein

23 des 2018 - 22:15

UNIS Flyers hat sneintejûn ek de twadde kompetysjewedstriid fan it wykein wûn. De Feanster iishockeyers wiene yn it Belgyske Leuven mei 4-2 te sterk foar de Chiefs. De perioadestannen wiene 0-0, 0-3 en 2-1.

Foto: UNIS Flyers

De skoare waard pas yn de twadde perioade iepene troch Marco Postma fan de Flyers. Dêrnei wiene de Flyers los, want flot dêrnei foelen yn Leuven ek de 0-2 en 0-3. Jasper Nordemann en Pippo Limnell tekenen foar dy goals.

Yn de tredde perioade soarge Brent Janssen foar de 0-4 foarsprong foar de Feansters. Jeffie Versin en Borya Kolyasnikov diene yn de slotfaze noch wat werom foar de Chiefs, mar fierder as 2-4 lieten de Flyers it net komme.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)