Auto botst op beam yn Sumar, bestjoerder rekket ferwûne

23 des 2018 - 21:43

By in iensidich auto-ûngelok op de Koekoekswei yn Sumar, is de bestjoerder fan de auto ferwûne rekke. De auto rekke sneintejûn troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste op in beam yn de berm.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder koe neffens in tsjûge sels noch út de auto komme, en is dêrnei troch ambulânsepersoniel opfongen en nei it sikehûs ta brocht mei noch ûnbekende ferwûnings.

De auto rekke flink skansearre en moast troch in berger fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
ûngelok Sumar
(advertinsje)
(advertinsje)