SCO wint Fryske kuorbalderby by Mid-Fryslân

23 des 2018 - 20:49

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea hawwe snein de Fryske derby yn de Haadklasse B wûn op besite by Mid-Fryslân. Yn Grou waard it 24-26, nei in rêststân fan 12-15.

Beide ploegen wiene tige oan elkoar weage. SCO hie lange tiid in lytse foarsprong, mar Mid-Fryslân kaam oan 'e ein fan de wedstriid foar it earst op foarsprong. Mar mei noch trije minuten te spyljen, wie it dochs wer SCO dat yn de spannende slotfaze de foarsprong pakte en dy fêsthâlde oant it einsinjaal.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Mid-Fryslân
(advertinsje)