Issa Kallon: "Jaar goed afgesloten met mooie overwinning bij MVV"

23 des 2018 - 19:43

Ferromme en blide gesichten by de trainer en spilers fan SC Cambuur. De Ljouwerters sleepten sneintemiddei yn de lêste wedstriid fan 2018 de oerwinning by MVV Maastricht út it fjoer mei de 2-1 winst. "Dit hadden we even nodig", seit oanfaller Issa Kallon.

Issa Kallon

Cambuur begûn goed oan de wedstriid, mar de skotten op goal fan oanfaller Kallon misten it doel. "Hij wilde er niet in! Ik weet niet wat er aan de hand was, maar hij wilde er echt niet in!" Gelokkich foar Kallon krige Cambuur in penalty nei't er delhelle waard en kamen de Ljouwerters fertsjinne op in 0-1 foarsprong.

Sprekkoaren

Cambuur dominearre de wedstriid en kaam rap dêrnei ek op in 0-2 foarsprong. Mar nei dy 0-2 foar de Ljouwerters waard de wedstriid koarte tiid stillein fanwegen sprekkoaren fan de MVV-oanhang rjochting de skiedsrjochter. Cambuur hie it dêrnei hiel dreech. Kallon: "Het was een heel vervelend moment. We zaten lekker in de wedstrijd en hadden totale controle over de wedstrijd. Dus dan is het irritant dat er een korte staking wordt ingelast. Want dan ga je de kleedkamer in en ga je stilzitten en je wordt uit je ritme gehaald. Er was helemaal niks aan de hand, maar daarna hadden we het door de onderbreking even heel lastig."

Issa Kallon - Foto: www.orange-pictures.nl

Billenknijpen

Nei de 1-2 fan MVV waard it noch tige spannend, fûn ek Kallon: "We voelden dat zij wat meer initiatief gingen nemen en het publiek er achter ging staan. En op het eind was het wel echt billenknijpen. Dan ga je toch denken, het zal toch niet gebeuren? Maar uiteindelijk hebben we de overwinning over de streep getrokken. We sluiten het jaar goed af met deze mooie uitoverwinning bij MVV."

(Advertinsje)
(Advertinsje)