Frou mishannele yn Ljouwert, plysje pakt fertochte man mei lutsen fjoerwapen

23 des 2018 - 18:40

De Ljouwerter plysje hat sneintemoarn in man oppakt dy't in frou mishannele hie. De plysje krige yn 'e iere moarn in melding fan in mishanneling yn in wenhûs troch in fjoerwapengefaarlike man. Der waard dêrom troch de plysje mei kûgelfrijefesten nei it plak fan it ynsidint ta riden. Se troffen de man oan yn de tún fan it hûs en hâlden him mei lutsen fjoerwapen oan. It die bliken dat de man it fjoerwapen net by him hie.

Om't de frou sichtber ferwûne wie, is de fertochte man meinaam nei it plysjeburo. Underweis nei it buro bedrige de fertochte de plysjes. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk. It slachtoffer woe gjin oanjefte dwaan tsjin de man, mar de plysje start dochs in ûndersyk fanwegen de ferwûnings fan de frou.

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)