Histoarysk boathûs yn Moddergat driget ferlern te gean

It histoaryske boathûs fan Moddergat wurdt mooglik in wenhûs. It gebouke út de njoggentjinde iuw is oankocht troch in Amsterdammer, dy't der yn wenje wol. In museum yn de buert fynt dat tige spitich.
It boathûs yn Moddergat © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Museum it Fiskershúske út Moddergat hie it boathûs oan de Reddingsboatreed graach oankeapje wollen, om de âlde rêdingsboat der yn ûnder te bringen. Neffens Willem Groenia fan it Fiskershúske hat de gemeente in flater makke, wêrtroch't de loads in wenbestemming krigen hat. It museum hat noch besocht om it boathûs oan te keapjen, mar de priis wie te heech.
Neffens Groenia sil it noch in hiele toer wurde om der in wenning fan te meitsjen. "It gebou hat hielendal gjin gas of elektrisiteit. En binne der mar kwealik ruten. Dat meie je ek hielendal net feroarje."
Willem Groenia fertelt wêrom't it âlde boathûs sa belangryk foar him is
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Groenia hopet dat de gemeente noch yngrypt. "Se moatte de wenbestimming der gewoan wer ôfhelje. Dit gebouke is fan grutte kultuer-histoaryske wearde en dat moat de gemeente ek witte."
It Fiskerhúske soe dan opnij besykje wolle it boathûs oan te keapjen. "We hawwe de âlde rêdingsboat hielendal opknapt, mar dy hat no gjin goed plak. Benammen yn de winter moat er gewoan binnen stean en wat is der dan moaier as er wer gewoan yn it âlde rêdingsboathûs stean kin."
Histoarysk boathûs yn Moddergat driget ferlern te gean