Gjin nijjiersdûk mar in krystplûns yn Wurdum

23 des 2018 - 17:20

It duorret noch in goede wike foardat we it nije jier yn gean, mar de earste nijjiersdûk is alwer achter de rêch. Yn Wurdum binne se snein al it wetter yn dûkt.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foar de gelegenheid wie de dûk yn Wurdum omdoopt ta krystdûk. Ungefear tweintich minsken giene te wetter oan de Pastorijsingel yn it doarp. Mei de spesjale dûk woene de doarpsbewenners stilstean by it feit dat hjir op dit plak kommend jier in eigen doarpsstrân oanlein wurdt.

Gjin nijjiers- mar in krystdûk yn Wirdum

Trefwurden: 
Wurdum nijjiersdûk
(Advertinsje)
(Advertinsje)