Cambuur slút 2018 ôf mei winst tsjin MVV Maastricht

23 des 2018 - 16:32

Sportklup Cambuur hat it jier 2018 ôfsletten mei winst. Yn de lêste kompetysjewedstriid fan it kalinderjier waard mei 2-1 wûn by MVV Maastricht.

Cambuur wint yn Maastricht fan MVV

Cambuur naam fuort nei de ôftraap it inisjatyf en wie lange tiid de bettere ploech. De Ljouwerters hiene foar it skoft al op foarsprong stean moatten, mar de bal woe der mar net yn.

Stekballen Maulun

Issa Kallon, Robin Maulun en Karim Rossi soargen yn de iepeningsfaze foar driging op de helte fan MVV. Nei in healoere krige Cambuur in enoarme kâns om op foarsprong te kommen. Nei in stekbal fan Maulun op Kallon joech Kallon de bal breed op Rossi. Rossi skeat de bal lykwols op de latte. Yn de tsjinoanfal waard MVV efkes gefaarlik, mar de Limboargers ferlearen foar it doel fan keeper Xavier Mous de kontrôle. Krekt foar it skoft krige Cambuur opnij in grutte kâns nei in stekbal fan Maulun op Kallon. De lob fan Kallon gie oer de MVV-doelman hinne, mar koe troch in ferdigener noch krekt fuortwurke wurde.

Read foar MVV, penalty Cambuur

Fuort nei de start fan de twadde helte kaam Cambuur dan dochs op foarsprong. Xavier Mbuyamba fan MVV makke in oertrêding op Kallon, wêrnei't de skiedsrjochter Cambuur in penalty joech. Maulun skeat de bal feilleas binnen. Nei de foarsprong like Cambuur los te wêzen. Inkelde minuten nei de iepeningstreffer foel nammentlik ek de 2-0 foar de Ljouwerters. Tyrone Conraad skeat binnen nei in fantastyske bal fan Matthew Steenvoorden.

Wedstriid stillein

Nei 58 minuten lei de skiedsrjochter de wedstriid stil fanwegen kwetsende sprekkoaren fan de MVV-oanhang. De sprekkoaren wiene rjochte oan it adres fan skiedsrjochter Mulder. Nei in ôfkuolperioade fan in lytse tsien minuten gie it spul wer fierder.

Cambuur kaam min út de spulûnderbrekking en seach MVV op 1-2 kommen troch in goal fan Joeri Schroijen. De tsien Limboargers giene dêrnei op syk nei de lykmakker, mar dizze kaam der net, ûnder oaren troch inkelde goede rêdings fan keeper Mous.

De Ljouwerters gean de winterstop yn mei in plak op njoggende plak yn de Keukenkampioendivisie.

Foto: www.orange-pictures.nl

MVV - SC Cambuur 1-2 (0-0) 46. Robin Maulun 0-1, 51. Tyrone Conraad 0-2, 78. Joeri Schroijen 1-2.

Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Kallon, Schindler (76. Schils), Van den Beemt (86. Boerlage); Maulun, Conraad, Rossi (74. Van Kippersluis).

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal MVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)