Aris ferliest by koprinner Landstede

23 des 2018 - 16:04

De basketballers fan Aris ha de kompetysjewedstriid by koprinner Landstede Zwolle ferlern. It waard 82-54 foar de Zwollenaren, nei de kwartstannen 23-12, 42-26 en 66-40.

It wie foar Aris de lêste wedstriid fan 2018. Op 3 en 5 jannewaris stean de wichtige thúswedstriden tsjin Dordrecht en Rotterdam op it programma.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)