Museum Sleat hellet besikersrekôr

23 des 2018 - 15:50

Museum Sleat hat dit jier in rekôr oantal besikers lutsen. Mei sa'n 4.500 besikers hiene se trije kear mear besikers as gewoanwei.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It wie sels sa drok dat de frijwilligers it eins hast net oan koene. Neffens it bestjoer fan it museum hawwe se bot profitearre fan de aktiviteiten fan kulturele haadstêd. Ek de komst fan de nije fontein hat foar ekstra belangstelling soarge. It museum wol besykje ek yn it nije jier 2019 dy ekstra besikers fêst te hâlden troch ekstra yn te setten op promoasje.

Museum Sleat hellet besikersrekord

Trefwurden: 
museum sleat
(Advertinsje)
(Advertinsje)