Hûn rêden by wenningbrân yn Noardwâlde
De brânwacht is sneintemiddei mei meardere weinen útriden foar in wenningbrân yn Noardwâlde. Der waard opskaald nei middenbrân en brânwachtploegen út Aldeberkeap, It Hearrenfean en Noardwâlde binne oproppen om te helpen by it blussen.
Yn it hûs wie de meterkast yn 'e brân flein en it fjoer sloech dêrnei oer nei it plafond. By de brân kaam in protte reek frij. De brânwacht hat troch middel fan sloopwurksumheden de boarnen fan it fjoer berikt en it fjoer dwêste kinnen.
De bewenners fan it hûs wiene net oanwêzich, mar by it blussen kaam de brânwacht wol in hûn tsjin. Dizze is út it hûs rêden en wurdt fersoarge.