Automobilisten meie no mei 130 kilometer oer it knooppunt by De Jouwer

23 des 2018 - 10:30

Automobilisten meie tenei 130 kilometer yn de oere ride by it knooppunt fan De Jouwer. Oant no ta jilde der in maksimumsnelheid fan 90 kilometer yn de oere.

Foto: Knooppunt Joure

Allinne op de fly-overs fan en nei Snits jildt in legere maksimumsnelheid. Dêr mei net hurder riden wurde as 80 kilometer yn de oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)