Man (24) ferwûne by stekynsidint yn sintrum Snits

23 des 2018 - 08:02

By in stekynsidint yn it sintrum fan Snits is in man ferwûne rekke. Dat meldt de plysje. Der wiene in totaal trije minsken by belutsen. Se soene rúzje krigen ha.

Foto: ANP

Om kertier foar fjouweren hinne, yn de nacht fan sneon op snein, soe it 24-jierrige slachtoffer troch de twa oaren stutsen wêze. Dat soe bard wêze op de Wijde Noorderhorne, yn it sintrum fan Snits. Minsken fan de ambulânse fûnen it slachtoffer ien strjitte fierderop.

Yn de omjouwing binne twa jongemannen oanholden, fan 18 en 20 jier âld. Ien fan de twa hie in mes by him.

Alle belutsenen komme út de gemeente Súdwest Fryslân. Dat meldt de plysje. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Hy hat yntusken in ferklearring ôflein. De plysje is noch op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
plysje Snits stekynsidint
(Advertinsje)
(Advertinsje)