Michel Vlap: "Het was geen eerlijke wedstrijd, klaar"

23 des 2018 - 11:26

"Of de rode kaart terecht was? Dat weet ik niet, ik ben geen scheidsrechter." Dat sei doelpuntemakker Ben Rienstra sneontejûn nei ôfrin fan de spektakulêre wedstriid tsjin NAC Breda. De Friezen ferlearen yn it Rat Verlegh Stadion mei 4-2 fan de Brabanners. "Dit is de eerste rode kaart in mijn carrière, maar ik speelde als eerste de bal en ik gleed door."

Ben Rienstra

Njonken Ben Rienstra moast ek Yuki Kobayashi yn de earste helte mei read it fjild ferlitte. Wannear't Michel Vlap efkes letter ûnreglemintêr stoppe waard troch in spiler fan NAC, dielde de skiedsrjochter lykwols gjin reade kaart út. Vlap wie nei ôfrin poerlilk: "Nog meer dan woest ben ik. Hij pakte me eerst al bij mijn schouder vast. Toen ging ik voor hem langs en hij pakte mij weer vast. Ik werd neergehaald".

"Geen eerlijke wedstrijd"

De Fries hie noch hope op de fideoskiedsrjochter, mar waard teloarsteld. De oare twa reade kaarten wiene spitich, neffens Vlap. "Ben wilde eerst de bal raken, maar kreeg toch rood. Dat Yuki ook van het veld moest, was spijtig. Het was geen eerlijke wedstrijd, klaar!"

Michel Vlap

Wylst Hearrenfean de wedstriid mei njoggen spilers einige, siet ek trainer Jan Olde Riekerink al in skoft op 'e tribune. Hy krige twa kear in giele kaart en waard fuortstjoerd troch de skiedsrjochter. "Ik kom blijkbaar wat te vaak uit mijn vak en ik leverde ook teveel commentaar. Blijkbaar zijn daar regels voor, zeker in zo'n hectische wedstrijd moet de scheidsrechter dat misschien wat beter aanvoelen."

Oer de wedstriid gie it nei ôfrin mar koart: "Ik vond dat we goed begonnen. Als we het spel door hadden gezet, hadden we een goed resultaat behaald. Het was een bizarre wedstrijd. We hadden kunnen winnen als we elf tegen elf hadden gespeeld".

Jan Olde Riekerink

Skiedsrjochter Jochem Kamphuis en de fideoskiedsrjochter stiene dizze wedstriid yn it middelpunt fan de belangstelling. Kamphuis fûn it nei ôfrin in drege partij fuotbal: "Ik heb een hoop wedstrijden gefloten, maar er zaten vanavond verschillende momenten in die het voor de arbitrage lastig maakten".

Skiedsrjochter Kampuis

(Advertinsje)
(Advertinsje)