Manon Kamminga wint achtste KPN Marathon Cup yn Breda

22 des 2018 - 22:14

Manon Kamminga fan Haulerwyk hat sneontejûn yn Breda de achtste KPN Marathon Cup by de froulju op har namme skreaun. Kamminga bleau yn 'e einsprint Bianca Bakker fan Wynjewâld en Kelly Schouten op de baan foar. Aggie Walsma fan Boalsert einige as achtste yn Breda.

Foto: Timsimaging.nl

Yn de topdifyzje manlju wie der in poadiumplak foar Bob de Vries fan De Haule. De Vries moast Robert Post en Bart Swings foar him duldzjen en waard úteinlik tredde. Crispijn Ariëns fan Wolvegea einige krekt bûten it poadium op de fjirde posysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)