Hearrenfean mei njoggen man ûnderút yn spektakelstik tsjin NAC Breda

22 des 2018 - 21:44

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn nei in spektakulêr duel yn Brabân ferlern fan NAC Breda. Yn it Rat Verlegh Stadion waard it gjin moai 'Avondje NAC'; de Feansters ferlearen mei njoggen man, mei 4-2. Sawol Ben Rienstra as Yuki Kobayashi moasten al yn de earste helte it fjild ferlitte.

Foto: OrangePictures

Al yn de sechsde minút makke âld-Hearrenfeanspiler Mitchell te Vrede it earste doelpunt fan de wedstriid. Hearrenfean kaam net folle letter op likense hichte troch Ben Rienstra. Inkelde minuten nei syn doelpunt moast makker Rienstra lykwols fan it fjild mei in reade kaart, nei yngripen fan de fideoskiedsrjochter.

Ek mei tsien man fuotballe Hearrenfean kreas fierder. Yn de 27ste minút sette Mitchell van Bergen de Friezen op 1-2. Krekt foar it skoft wie der noch in flinke domper foar de gasten; ek Yuki Kobayashi moast nei in oertrêding mei read fan it fjild.

Foto: OrangePictures

Efkes like it derop dat ek NAC mei in man minder fierder moatst. Mar de oertrêding fan Giovanni Korte op keeper Warner Hahn waard nei yngripen fan de VAR beoardiele mei in giele kaart.

Ek trainer Jan Olde Riekerink krige read, sa seach ferslachjouwer Roelof de Vries

Nei it skoft makke NAC lyk, nei wer in dubieus momint en kâns fan Michel Vlap. Te Vrede sette de 2-2 op it boerd; syn twadde doelpunt fan de wedstriid. Krekt dêrnei krige trainer Jan Olde Riekerink fan SC Hearrenfean syn twadde giele kaart en waard er nei de tribune stjoerd.

Rosheuvel wichtich foar NAC

Yn de 69ste minút kaam NAC Breda op foarsprong nei in goal fan Mikhail Rosheuvel. Dyselde spiler koe inkelde minuten letter ek de 4-2 ynkoppe. Yn de slotfaze krige Rosheuvel noch in kâns op syn tredde treffer fan de jûn, mar dy foel net.

NAC Breda - SC Hearrenfean 4-2 (1-2) 6. Te Vrede 1-0, 11. Rienstra 1-1, 27. Van Bergen 1-2, 58. Te Vrede 2-2, 69. Rosheuvel 3-2, 76. Rosheuvel 4-2.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra (read), Kobayashi (read), Van Amersfoort (77. Lammers), Van Bergen (70. Schmidt), Vlap, Zeneli (45. Bruijn).

(Advertinsje)
(Advertinsje)