VC Snits troch oerwinning op tredde plak yn Earedifyzje

De follybalsters fan VC Snits hawwe de lêste wedstriid fan it jier sneontejûn ôfsletten mei in oerwinning op leechfleaner US Amsterdam. Yn 'e Sneker Sporthal wûn de thúsploech mei 3-1 yn sets fan de besikers út Amsterdam. Setstannen fan de wedstriid wiene 25-20, 26-28, 25-17 en 25-18.
Stockfoto © Orange Pictures
De Snitser froulju wiene in stik better as de nûmer lêst fan de Earedifyzje. Nei in spannende twadde set makke Amsterdam der noch 1-1 fan, mar dat wie net genôch. VC Snits pakte de lêste twa sets mei in aardich ferskil. Troch de winst stiet de ploech fan trainer Paul Oosterhof op it stuit tredde yn de earedifyzje follybal.

Tsjin koprinner

Op sneon 12 jannewaris stiet de folgjende kompetysjewedstriid fan de Friezen op it programma. Yn it nije jier moatte de froulju op besite by koprinner Sliedrecht Sport.