Seis tv-tips foar de feestdagen

22 des 2018 - 19:12

Fan it hynstespektakel De Stormruiter oant de moaiste lieten yn it Frysk Sjongers Gala: der komme dizze krystfakânsje fan allerhande bysûndere programma's foarby op telefyzje by Omrop Fryslân. Dêrom jouwe wy alfêst seis tips foar programma's dêr't je foar thúsbliuwe wolle.

1. It geheim fan De Deelen

It geheim fan De Deelen is in film wêrfoar't filmmakker Herman Zeilstra in jier lang tagelyk ûnder en boppe wetter filme hat yn natuergebiet De Deelen. It resultaat is in film wêryn't alle seizoenen foarby komme en in rykdom oan libben op en yn it wetter te sjen is. It sinneljocht op it wetter en bypassende filmmuzyk ûnder de bylden meitsje de film ta in magysk gehiel. De film waard makke yn gearwurking mei Steatsboskbehear en earder fertoand op it Oranjewoudfestival. Op moandei 24 desimber by Omrop Fryslân op TV fan 17.15 oere ôf.

2. De Stormruiter

Grut oankundige binnen Ljouwert-Fryslân 2018: de teäterfoarstelling De Stormruiter. Dat waard mear as wiermakke: de útfiering wie grut. It teäterstik fan regisseur Jos Thie wie folslein útferkocht. Mar goed nijs foar wa't it mist hat of nochris sjen wol, mei de krystdagen is it te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Foar de registraasje fan de Stormruiter waarden acht kamera's yn de teäterarena pleatst, dy't de foarstelling twa kear opnommen hawwe. Mei de úteinlik 16 opnamebannen begûn dêrnei in 'monstermontaazjeklus'. It resultaat sjochst dizze krystdagen yn twa dielen by Omrop Fryslân: earste krystdei fan 17.00 oere ôf en twadde krystdei fan 18.15 oere ôf.

3. Frysk Sjongers Gala

t Frysk Sjongers Gala is in muzykfeest dêr't it Fryske liet sintraal yn stiet. Gjin doarpsfeest of feesttinte, mar in sjyk en smûk konsert. Gefoelige lieten, de echte meisjongers, âld en nij wurk yn in ferrassend jaske, útfierd troch fansels in hiel soad sjongers, sjongeressen en muzikanten en begelaat troch in orkest mei de bêste muzikanten út Fryslân. De artysten yn dizze sânde edysje fan it Frysk Sjongers Gala: Griet Wiersma, Piter Wilkens, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Basile Maneka, Denise Rivera. Andries de Vries, Di Gojim en noch folle mear. Meiswinge kin yn twa dielen op tongersdei 27 en freed 28 desimber om 17.15 oere.

4. It bêste fan LF2018

2018 wie it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It hiele jier troch wiene der alderhande aktiviteiten yn de hiele provinsje yn it teken fan LF2018. Omrop Fryslân joech der rom omtinken oan yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Yn 35 minuten in jier gearfetsje wêryn't sáfolle barde en dat eins syn spoaren noch fertsjinje moat. Dat wie in útdaging, mar by Omrop Fryslân hawwe wy it dochs besocht. De moaiste bylden fan de grutste eveneminten binne op 1 jannewaris fan 17.15 oere ôf nochris werom te sjen.

5. It bêste fan Hea!

Op de twadde dei fan 2019 is it bêste fan Hea! 2018 te sjen, In seleksje fan de aardigste reportaazjes fan Hea! fan it seizoen. Mei ûnder oaren it tsjerkûle-museumke yn Warten, de merkefamylje Everts út Kollumersweach en de gymnastykjende mannen fan St. Nyk. Mar ek de moaie bylden fan it Flaeijelfeest, de artysten fan Circus Pauw en de kampioenspony's fan Wybe Adema fan Earnewâld komme wer foarby. Te sjen op 2 jannewaris fan 17.15 oere ôf.

6. Ronald Smink: out of the box

Hy wurdt wolris sjoen as in libjend stripfiguer: kabaretier Ronald Smink (34). Hy waard berne op De Jouwer, wenne jierrenlang yn Grins dêr't er yn 2007 it Groninger Studenten Cabaret Festival wûn. No wennet hy yn Utert en is hy ien fan de fêste komedianten fan it Komedy-kollektyf 'het Comedyhuis'. Syn somtiden absurde humor, syn bonkige liif en gesicht fan ilestyk makket datst him net gau ferjitst ast him ien kear sjoen hast. By Omrop Fryslân is syn foarstelling 'out of the box' yn twa dielen te sjen! Op tongersdei 3 en freed 4 jannewaris fan 17.15 oere ôf op TV.

Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

(advertinsje)
(advertinsje)